Net strânride yn krystfakânsje

24 okt 2012 - 10:53

It strânriden op Skylge yn de krystfakânsje wurdt beheind. Dat hat de ried fan Skylge tiisdei besletten nei oanlieding fan ûndersyk. Dêr die út bliken dat toeristen it ferfelend fine dat der sa folle auto's en motors op it eilân en op it strân binne. Dêrom hat de ried besletten dat yn 'e krystfakânsje oerdeis tusken tsien en seis oere gjin foertugen ride meie tusken peal 8 en peal 18.

It strânriden is populêr op Skylge. Fan 1 novimber oant 1 april meie 900 minsken op it strân ride. Dy moatte dat oanfreegje. De rest fan it jier mei it net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)