Net spjirringfiskje op Iselmar

14 feb 2013 - 16:23
  • Spjirring

De fiskerij op spjirring yn de Iselmar giet dit jier net troch. It ministearje fan ekonomyske saken hat besletten dêrfoar gjin ûntheffing te jaan. Der binne net genôch fan de lytse fiskjes yn de Iselmar. De soart lûkt fan see nei swiet wetter om dêr te pearjen. Guon wetterfûgels binne bot ôfhinklik fan de de spjirringstân foar iten en it briedsúkses. Mar it giet net goed mei de soart. Ferline jier waard in ûntheffing foar de spjirringfiskerij noch ynlutsen nei in beswier fan de Fûgelbeskerming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)