Net in soad fjoerwurkoerlêst

27 des 2002 - 00:00

Der binne oant no minder jongeren by buro Halt terjochte kaam fanwege fjoerwurkoerlêst as yn oare jierren. Halt ferwachtet dat it sa rêstich bliuwt. It liket der op dat de foarljochting op skoalle en de strange oanpak fan de plysje fertuten dogge.

Ek de plysje hat noch net in soad wurk fan fjoerwurkfandalen. Boppedat is der minder yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen. De offisjele fjoerwurkferkeap set sneon út ein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)