Net soad animo weryndieling

04 nov 2006 - 16:18

Op in diskusjebyienkomst yn Snits hat freed bliken dien dat weryndieling fan de Súdwesthoeke noch fier fuort is. Op de gearkomste wiene benammen riedsleden fan de gemeenten oanwêzich. Yntinsyf gearwurkje fine se prima, mar fusearje net.

It plan fan minister Remkes dat lytse gemeentes opgean moatte yn gruttere gemeentes, krige dus gjin stipe. De jûn wie organisearre troch de SP. Dy partij is tsjin twongen weryndieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)