Net skeafergoeding grûndelgong

21 feb 2010 - 12:47

De provinsje is net fan doel om skeafergoeding te easkjen foar eventuele ekstra grûndelgong yn Noardwest-Fryslân, troch it winnen fan sâlt. GrienLinks hie dêr fragen oer steld.

Minister Verhoeven hie fan it winter tastimming jûn oan Frisia om ekstra sâlt út de grûn te heljen. De minister tinkt dat de grûndelgong net mear wêze sil as 5 milimeter. GrienLinks is benaud dat dat mear wurdt. Neffens it kolleezje sil dat wol tafalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)