'Net seure oer EK yn kantines'

14 jun 2004 - 00:00

Hoarekabûn Nederlân moat net seure oer EK-wedstriden yn sportkantines. Dat fynt Sport Friesland, de organisaasje dy't sportclubs advisearret. Soks past by de aktiviteiten dy't sportferienings foar harren leden organisearje.

Brânsje-organisaasje Hoareka Nederlân sjocht it trochjaan fan útstjoerings yn sportkantines as ûnearlike konkurrinsje. It bûn hâldt yn 'e gaten oft de sportkantines harren wol oan 'e regels hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)