Net nachtswimme yn Wommels

18 jul 2003 - 00:00

De plysje ropt de jeugd út Wommels fia in advertinsje yn de krante op om op te hâlden nachts te swimmen yn swimbad De Klomp. Dy nachtlike avontoeren binne libbensgefaarlik, hielendal as der ek drank yn it spul is. Ut foarsoarch wurde de kleden dy't nachts oer it bad lizze, fuorthelle.

It is dit jier al in pear kear foarkommen dat jongeren ynbrutsen yn it swimbad. As de plysje wer jongerein betrapet, krije se in boete fan 28 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)