Net mear parkeare yn wenwiken

28 jul 2011 - 20:36

Yn de wenwiken om it sintrum fan It Hearrenfean hinne meie tenei allinnich noch mar bewenners parkeare. Dat hat de gemeente besletten. Op dit stuit kin der noch betelle parkeard wurde troch oaren yn de wiken. Mar neffens de gemeente is der parkearromte genôch yn it sintrum en moatte autobestjoerders dêr ek gebrûk fan meitsje.

De gemeente sil mooglik ek strenger optrede tsjin minsken dy't har fyts net kreas yn it rek sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)