Net mear MRSA-pasjinten Harns

26 jun 2013 - 15:59
  • De Batting

Der binne by ferpleechhûs De Batting yn Harns gjin nije besmettingen fan de MRSA-baktearje ûntdutsen. It bliuwt by ien bewenner wêrby't de baktearje fêststeld is. Dat docht bliken út ûndersyk. Ferline wike kaam by ien fan de bewenners fan De Batting de besmetting mei de MRSA-baktearje oan it ljocht. Der is doe fuortdaliks ûndersyk dien nei fierdere besmettings ûnders bewenners en personiel. De baktearje is resistint en net mei antibioatika te bestriden. It kin dêrtroch gefaarlik wêze foar kwetsbere pasjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)