Net mear fraude mei neprekkens

31 mrt 2006 - 18:22

Utsein Moerborch ha soarchynstellings yn Fryslân gjin nepfaktueren krigen of betelle. Dat seit it soarchkantoar Fryslân. Soarchynstelling Moerborch op it Hearrenfean is troch fraude mei neprekkens in soad jild kwytrekke. De nepfaktueren hiene it logo fan it soarchkantoar Fryslân.

De ynstellings binne deroer warskôge. Dêr binne gjin reaksjes op kaam. Yntusken is ek de ynspeksje foar de sûnenssoarch op de hichte steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)