Net mear deade seehûnen Waadsee

26 sep 2006 - 21:13

Der komme net mear deade seehûnen yn de Waadsee omdat de fiskers har netten yn it wetter efter litte. Dat seit minister Veerman fan Lânbou, Natoerbehear en Fiskerij.

Fan't simmer hie de televyzjestjoerder RTL in reportaazje makke dat der hieltyd mear seehûnen dea giene troch ôfdankte fisknetten. Mar de minister skriuwt no oan de Twadde Keamer dat him dêr neat oer bekend is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)