Net mear bern yn Dolsterhuzen

01 mrt 2009 - 09:18

Der moat gjin bûtenskoalske opfang komme yn it bûtengebiet by Dolsterhuzen. Dat fine B&W fan Lemsterlân. In echtpear dat no in berne-opfang hat by har boerebedriuw, wol dat útwreidzje mei BSO.

De gemeente wol dêr net oan meiwurkje. Doe't it echtpear in fergunning krige foar de berne-opfang, hat Lemsterlân al sein dat dy net grutter wurde mocht as de maksimaal 24 bern dy't der no hinne gean. De gemeente fynt dat soks net yn in lanlike omjouwing past.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)