Net langer sirene op de radio

16 sep 2010 - 20:44
  • De sirene op de autoradio (foto: Omrop Fryslân)

Automobilisten krije net langer sirenes fan plysje, brânwacht en ambulânse te hearren op harren radio. De proef mei it saneamde Flistersysteem is op neat útrûn. Steatssekretaris Ank Bijleveld fan Binnenlandse Zaken hat dat tongersdei oan de Twadde Keamer witte litten.

It wie de bedoeling dat it systeem de helptsjinsten flugger troch it ferkear helpe soe. Ut proeven hat lykwols bliken dien dat it Flistersysteem hast gjin ferskil makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)