Net iens mei sosjaal plan

20 des 2010 - 16:53

De wurknimmers fan Haitsma Beton yn Koatstertille kinne har net fine yn it sosjaal plan dat de direksje foarsteld hat. Dat die moandei bliken by in byienkomst fan de fakbûnen. By Haitsma Beton ferlieze tsien minsken har baan. Benammen oer de oanfolling dy't de direksje har jaan wol op har WW-útkearing binne de wurknimmers net tefreden.

De fakbûnen hawwe de ôfwizing meidield oan de direksje en foarsteld opnij te oerlizzen oer it sosjaal plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)