Net ien, mar 22 winners NN-toer

24 jun 2004 - 14:42

De Noard-Nederlân Toer fan woansdei hat 22 winners. De hurdfytswedstryd tusken Grins en Ljouwert einige gaoatysk. De kopgroep fan 22 man waard de ferkearde kant opstjoerd. Waard earst Bobbie Traksel as winner útroppen, in oere nei de finish besleat de sjuery oars.

Troch it ferkeard riden wie de wedstryd net normaal ferrûn. De fytsers moatte de punten en it prizejild diele. Traksel woe poer. It soe oars syn earste oerwinning yn twa jier west ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)