Net hurder as 80 op 'e Wâldwei

26 jun 2003 - 00:00

Op de Wâldwei tusken Ljouwert en Nijegea wurdt fan 't hjerst in maksimum-snelheid fan 80 kilometer ynfierd. No jildt der al in ynhelferbod op it twabaanske stik fan 'e Wâldwei.

De faasjebeheining moat in rêstiger ferkearsbyld jaan. Rykswettersteat sjocht dat as tarieding op de ferdûbeling fan 'e wei dy't ein dit jier begjint. Om't de wurksumheden njonken de dyk plakfine, wurde autobestjoerders nammentlik gau ôflaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)