Net genôch staazjeplakken

07 maaie 2009 - 22:37

Fryske skoallen slagje der net yn om genôch staazjeplakken te finen foar de ferplichte maatskippelikke staazje fan harren learlingen.

Fan 2010 ôf moatte alle bern dy't op de middelbere skoalle sitte 72 oeren frijwilligerswurk dwaan, bygelyks yn de soarch. Dêrfoar binne lykwols tsientûzenen staazjeplakken nedich. En dy plakken binne der eins net. Sa binne der allinnich yn de gemeente Smellingerlân al mear as fiiftûzen skoalbêrn dy't in plakje hawwe moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)