''Net genôch gearwurking tusken jeugddokters en gemeenten''

26 feb 2016 - 17:23
  • (stockfoto)

Gemeenten wurkje net genôch gear mei jeugddokters, wêrtroch bern mei problemen mooglik te let help krije of just te gau trochstjoerd wurde. Dat jouwe de jeugddokters sels oan yn in enkête fan it AJN, de feriening foar Nederlânske jeugddokters.

By de gebietsteams dy no de jongerein mei problemen opfange, leit de klam bot op de swierdere soarch. Mar winst falt benammen te heljen út previnsje neffens Ria Brouwer, bestjoerslid fan it AJN en jeugddokter yn Súd-West Fryslân. 'Een kind met gedragsproblemen wordt nu soms direct doorverwezen.'

Sykjende

Brouwer jout oan dat it per gemeente ferskilt, mar dat in soad gebietsteams noch sykjende binne nei in goede gearwurking mei jeugddokters. It AJN besiket de situaasje hieltyd wer op de aginda te setten by gemeenten. 'In Friesland zijn we heel hard bezig die goede verbindingen te krijgen. Het heeft tijd nodig, maar het komt uiteindelijk wel goed,' sa seit Brouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)