'Net gearwurkje miste kâns'

28 mrt 2013 - 21:52
  • Kaart fan Fryslân

It is hiel spitich dat de trije noardlike provinsjes der net yn slagje yntinsiver gear te wurkjen. Dat seit wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW-Noord. It is yn dizze tiden fan besuniging net te begripen dat it Noarden dizze kâns rinne lit, fynt VNO-NCW. Troch ta ien bedriuwsfiering te kommen op it mêd fan administraasje en ynkeap, kinne Fryslân, Grinslân en Drinte miljoenen besparje. It is net út te lizzen dat dat dan net gebeurt, fynt VNO-NCW.

De organisaasje is bliid dat Grinslân en Drinte noch wol fierder prate wolle oer gearwurking. Mar eins soe ek Fryslân meidwaan moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)