Net Fryske support Duran Duran

04 jul 2011 - 21:23

It optreden fan de Frysk-Grinzer band A Silent Express yn it foarprogramma fan de Britske band Duran Duran giet wer net troch. Yn earste ynstânsje soe dat foarprogramma plakfine yn juny, yn it fuotbalstadion fan ADO Den Haach. Dat gie net troch fanwege stimproblemen fan de sjonger fan Duran Duran.

Dy problemen blike no sa slim te wêzen dat de hiele toer ôfsein is en dêrmei ek it optreden yn septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)