Net folle 'Willems' yn musea

27 apr 2003 - 00:00

Mannen mei de namme Willem of Alexander of Willem-Alexander mochten snein fergees yn de musea yn Ljouwert. Dat wie betocht yn ferbân mei de jierdei fan de kroanprins op dy dei.

It like yn it foar in aardich idee, mar in protte nammegenoaten kamen net nei it Frysk Museum of Princessehof. In lytse tweintich Willems of Alexanders ha in besite brocht oan de kulturele ynstellingen yn de Fryske haadstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)