Net folle swier fjoerwurk fûn

27 des 2013 - 12:36

De plysje yn Fryslân hat noch gjin grutte partijen tige swier fjoerwurk fûn, lykas selsmakke fjoerwurkmortieren. Wol binne hannelers fan yllegaal fjoerwurk oppakt en rinne der noch ûndersiken dy't mooglik liede ta oanhâldings. It tal meldings fan oerlêst troch fjoerwurk liket ek wat leger te lizzen as eardere jierren.

De plysje freget minsken dy't it fermoeden ha dat der yn har omjouwing yllegaal fjoerwurk opslein wurdt, dit te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)