Net folle problemen troch mist

21 nov 2011 - 10:29

De mist fan moandeitemoarn hat net foar in soad ekstra ûngelokken soarge. Dat seit de plysje. Dy hat melding krigen fan in trije-tal ûngelokken. Ien dêrfan wie by de ôfslach Ljouwert op de Wâldwei. Dêr binne twa frachtauto's op elkoar botst. Dat soarget foar problemen foar it ferkear.

Ek op oare plakken hie ferkear te krijen mei opûnthâld, mar neffens de plysje wie dat net folle mear as oars op in moandeitemoarn. Dat is benammen omdat ferkearsdielnimmers har snelheid oanpasten oan de waarsomstannichheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)