Net folle hege ynkommens

22 feb 2010 - 11:05
  • Yn Dantumadiel binne de minst hege ynkommens

Yn Fryslân hat 18 prosint fan de húshâldens in heech ynkommen. Dêrmei stiet Fryslân op it ien nei lêste plak. Yn Grinslân leit it persintaazje noch leger (16%). Yn Utrecht binne de measte húshâldens mei in heech ynkommen (30%). Opfallend is dat op de waadeilannen de ynkommens it heechste binne yn ús provinsje.

Op Skiermûntseach binne de measte riken, folge troch Skylge en Flylân. Yn Dantumadiel binne de minste hege ynkommens. De sifers binne oer 2007.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)