Net folle folk by NK allround

06 mrt 2010 - 16:47

Thialf is dit wykein mei it Nederlânsk Kampioenskip allround lang net fol. Der binne sawat 5000 taskôgers, wylst der 12.000 yn it iisstadion kinne. Wat seker meispilet is dat grutte nammen lykas Sven Kramer en Ireen Wüst ûntbrekke. Se hawwe harren al pleatst foar it WK allround en rêste no út fan 'e Olympyske Spullen.

Takom wykein wurdt op It Hearrenfean de finale fan de Worldcup riden. Dêrfan is de sneon yntusken al wol hielendal útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)