Net folle draachflak wynmûnen

29 aug 2014 - 17:00

Der is net in soad draachflak foar wynmûnen yn de provinsje. As minsken de arguminten foar en tsjin neist mekoar set ha, is goed 40 persint foar en 20 persint tsjin. De oaren ha gjin miening. Dat docht bliken út in enkête fan ûndersyksburo TNS-NIPO. Yn opdracht fan Fryslân foar de Wyn hat it buro sjoen nei it draachflak foar de 34 wynmûne-inisjativen yn Fryslân.

It measte draachflak is der foar de doarpsmûne fan Reduzum, 69 persint fan de ûnderfrege minsken stipet de mûne.

It plan foar in park oan de provinsjedyk yn Kollumerlân kin rekkenje op de minste stipe. Mar 14 persint is dêr foarstanner fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)