Net folle betrouwen yn kabinet

05 nov 2014 - 14:05
  • Mark Rutte op besite yn Fryslân

Mar in kwart fan alle Friezen hat betrouwen yn kabinet Rutte II. Dat docht bliken út it ûndersyk dat EenVandaag hold ûnder de goed 1.000 Fryske leden fan it opinypanel. Fan de Fryske panelleden joech mar leafst 72 prosint oan gjin betrouwen te hawwen yn it kabinet fan VVD en PvdA.

Op de fraach oft se binnen in healjier nije ferkiezings ha wolle, jout hast de helte oan dat se dêr foarstanner fan binne. Neffens 63 prosint fan de Friezen hat de VVD fierwei de measte ynfloed op it regearingsbelied.

Echt belangrike plannen hat it kabinet neffens 46 prosint fan de ûnderfrege Friezen net realisearje kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)