Net folle animo foar guozzen

06 jan 2004 - 00:00

Foar guozze-ekskurzjes by de Lauwersmar is net folle animo. Der wiene 20 ekskurzjes pland. Guon binne ôflast om't te min belangstellenden har opjûn hienen. Steatsboskbehear woe mei de Guozzekrite en Fûgelbeskerming krekt de goes tichterby de minsken bringe.

De guozzeleafhawwers dy't al komme, ha der in lange reis foar oer. It is opfallend hoefolle oft fan fier komme. Sa'n 55.0000 guozzen oerwinterje yn it Lauwersmargebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)