Net folle animo foar Blitsaerd

06 apr 2013 - 16:30
  • Boukavels tydlik goedkeaper yn Blitsaerd

Der is noch net in soad belangstelling foar de goedkeape kavels yn de Ljouwerter wyk Blitsaerd. Sûnt ôfrûne wykein wurdt de grûn yn de wyk mei 20 prosint koarting ferkocht om de huzeferkeap wer op gong te bringen. Guon bewenners binne dêr net bliid mei, omdat se benaud binne dat dat soarget foar in kwaliteitsferleging fan de wyk.

It rint lykwols noch net stoarm mei de ferkeap fan grûn. Op de Iepenhuzedei kamen sneon sawat tsien belangstellenden nei de Ljouwerter wyk. Der binne twa opsjes naam op kavels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)