Net folle animo autofrije dei

25 sep 2000 - 11:11

Fjouwer fan de 31 gemeenten yn Fryslân dienen snein mei oan de autofrije dei. It gie om Ljouwert, Tytsjerksteradiel, Eaststellingwerf en Boalsert. Yn dy gemeenten wienen spesjale aktiviteiten.

Yn Nederlân dienen mear as 90 gemeenten mei oan it inisjatyf om op frijwillige basis de auto in dei net te brûken. Net yn alle plakken wienen wegen ôfset, guon hâlden it by fyts- en kuiertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)