Net ferbouwe om legionella

25 nov 2003 - 00:00

Huzen yn Camminghaburen wurde net oanpast fanwege legionellabesmetting. Yn 800 huzen yn de Ljouwerter wyk is goed twa moanne lyn in net-skealike foarm fan de baktearje oantroffen.

De oansluting fan de stedsferwaarming en de wettermeter sitte yn dy huzen yn ien romte. De legionella kaam der om't de temperatuer fan it wetter te heech waard. Bewenners wurde nije wike ynformearre oer útkomsten fan ûndersyk De fariant is net skealik foar minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)