"Net elts ferplicht orgaandonor meitsje"

12 mrt 2015 - 15:07

Alle Nederlanners orgaandonor meitsje útsein as se dúdlik oanjouwe dat se it net wolle, is net de oplossing foar it donor-tekoart. Dat seit ynternist en donorkoördinator Rik Gerritsen fan it MCL yn Ljouwert. De Twadde Keamer praat tongersdei oer de mooglike feroaring fan it systeem. No moatte jo noch út josels oanjaan dat jo donor wêze wolle. Mar 60 persint fan de Nederlanners hat dy kar net makke.

Der wurdt al jierren oantrune op it omdraaien fan de fraach.

Gerritsen fynt dat net de oplossing. As ien net sels oanjûn hat donor wêze te wollen, moatte je noch altiid it drege petear mei de famylje fan de donor oangean. En dat smyt faak neat op. Gerritsen sjocht mear yn it better trainen fan minsken dy't sokke petearen mei neibesteanden fiere. Dêr falt neffens him noch in soad te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)