Net ekstra jild rampestjoerder

09 sep 2009 - 16:53

De regionale omroppen krije gjin ekstra jild fan it Ryk om rampestjoerder te wêzen. Neffens Minister Ter Horst is dat net nedich. Dat skriuwt se oan de Twadde Keamer.

De regionale omroppen kinne neffens har wol ferplichte wurde om as rampestjoerder ynset te wurden by grutte kalamiteiten. Dat betsjut dat wichtige meidielings fan de oerheid oer de ramp brocht wurde fia de regiostjoerder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)