Net ekstra baggerje by Skier

13 jan 2012 - 15:44

Rykswettersteat sil gjin ekstra baggerwurksumheden útfiere yn de fargeul by Skiermûntseach. De fearboat De Monnik rûn tongersdei fêst by it eilân. Passazjiers moasten hast trije oeren wachtsje foardat der fierder fearn wurde koe.

Neffens direkteur Van Langen fan rederij Wagenborg sil Rykswettersteat nije wike de fargeul útbaggerje, mar dat is net sa. Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat hawwe mjittings freed oantoand dat de fargeul op djipte is. Der is gjin sprake fan nije of skowende sânplaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)