Net drok by ynfaldokters

27 maaie 2005 - 09:51

Ynfaldokters foar de stakende húsartsen hawwe it opfallend rêstich. De dokters stake tongersdei foar de twadde dei en fierwei de measte praktiken binne ticht. Foar needgefallen is der wol in húsdokter berikber.

Sa wurket dokter Jansen yn Sibrandabuorren foar de sân praktiken fan de húsartsegroep Wymbrits. Hy tinkt dat de minsken goed op de hichte binne fan de aksjes. Oer it generaal is der wol begryp foar de stakende dokters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)