Net drok by GGD troch mûzels

11 apr 2012 - 19:44

De GGD yn Fryslân krijt oant no ta gjin fragen oer de mûzels-epidemy yn Oekraïne. Yn juny geane in soad minsken dêrhinne foar it Europeesk Kampioenskip fuotbaljen dat dêr hâlden wurdt. Der wurdt advisearre om in yninting foar de sykte te heljen. Neffens de GGD Fryslân is dat allinnich nedich foar minsken dy't as bern de mûzels net hân hawwe en yn har jeugd net yninte binne foar de besmetlike sykte.

Sûnt 1976 is elkenien yninte foar de mûzels en yn de jierren dêrfoar krige elk de mûzels wol, omdat it hiel besmetlik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)