Net de fout yn mei baggerjen

19 maaie 2010 - 11:22

De gemeente Ljouwert begjint wer mei baggerjen yn de wyk Westeinde. It baggerjen waard begjin dizze moanne stillein nei klachten fan omwenners. Dy fûnen dat de natuer te folle fan it wurk te lijen hie. De gemeente hat dêrnei ûndersocht oft der regels oertrêde binne. Ut dat ûndersyk hat bliken dien dat dat net sa is. Dêrom wurdt wer baggere.

Underhâld oan it grien is útsteld oant nei de simmer, sadat der gjin nêsten fersteurd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)