'Net boarje foar kokkels'

06 jan 2003 - 00:00

De Waadferiening is tsjin it plan fan miljeusaakkundige Van Dieren om gasboarrings yn it Waad ta te stean. Hy wol mei de opbringsten dêrfan de kokkelfiskers útkeapje. Ek de kokkelfiskers sjogge dêr neat yn.

Moandei wie der op Skylge oerlis oer gasboarrings op it Waad. Dêrby wiene steatssiktaris Van Geel fan miljeu, de NAM, de Waadferiening en Van Dieren bywêzich. De polityk is noch altiten ferdield oer de boarrings nei gas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)