'Net blynstoarje op megawatts'

28 nov 2012 - 16:30

De provinsje moat him net fêstlizze op de produksje fan 525 megawatt oan wynenerzjy yn 2020. Dat fynt in part fan de opposysje yn provinsjale steaten. De VVD fynt dat der hielendal gjin getal neamd wurde moat.

Deputearre Hans Konst makke woansdei bekend dat de provinsje foar 2020 op lân de mooglikheid ha wol 525 megawatt te produsearjen. Dat moat opwekt wurde yn de parken dy't de provinsje oanlizze wol yn de Iselmar, by de kop Ofslútdyk en by It Hearrenfean.

It giet om it Fryske oandiel yn de lânlike doelstelling fan seistûzen megawatt. De opposysjepartijen VVD en de PVV fine dat der earst in diskusje plak fine moat yn de steaten. Benammen om't der in soad wjerstân is tsjin de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)