Net bliid mei ynternetliene

01 feb 2007 - 14:05

Direkteur Jaarsma fan de mienskiplike kredytbank yn Fryslân is der net bliid mei dat je jild liene kinne sûnder tuskenkomst fan de bank. Dat kin fia de site www.boober.nl. De behearders fan dy site frege minder rinte as banken. Hy is bedoeld foar minsken dy't jild ha en it útliene wolle en foar minsken dy't jild nedich binne.

Jaarsma fynt it in ûntrochsichtich systeem. Je witte nea oft ien de liening werom betelje kin, sa seit er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)