Net bliid mei plak Het Poortje

16 jun 2008 - 11:00
  • Earder waard ek al aksjefierd

De stifting Mooi_Heerenveen is net bliid mei it plak fan jeugdfinzenis Het Poortje. De gemeenteried besleat ferline wike dat dy oan de noardeastkant fan It Fean komt en net by it Arrivaterrein of de MacDonalds.

Der kaam in soad kommentaar op dy lokaasjes om´t se te ticht by in wenwyk lizze. Neffens Mooi_Heerenveen is de nije lokaasje opnij tichtby in wenwyk. Boppedat waard yn dy wyk de bou fan in skoalle ôfwiisd om´t it gebiet de status fan natuergebiet hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)