'Net better nei weryndieling'

10 feb 2014 - 18:03
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

De lokale demokrasy is yn de gemeente Súdwest-Fryslân, trije jier nei de weryndieling, net better wurden. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Universiteit fan Tilburg en PricewaterhouseCoopers yn opdracht fan de Twadde Keamer. De gemeenteried stiet neffens de ûndersiker te fier fan de ynwenners ôf. Kanttekening is wol dat de ferwachting is dat dat nei de kommende ferkiezing better wêze sil.

De nije gemeente is wol foarútgien wat it amtlik apparaat oanbelanget. Ek binne se better yn steat belied te meitsjen as foar de weryndieling.

Yn it ûndersyk waard de situaasje foar en nei de weryndieling fergelike. Der is ûnder oare sjoen nei bestjoerskrêft en it beheljen fan doelstellings. Opfallend is dat neffens de ynwenners fan Súdwest-Fryslân de tsjinstferliening minder wurden is. Mar neffens de ûndersikers kin dat lizze oan de koarte perioade tusken de weryndieling en it momint fan ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)