'Net besunigje op plattelân'

24 jun 2009 - 08:09

De FNP yn provinsjale steaten wol út noch yn net dat der 17 miljoen euro besunige wurdt op it plattelânsbelied yn Fryslân. De provinsje wol dat yn de perioade oant 2015 wol dwaan. De FNP docht no it útstel om it ûntbrekkende bedrach fan 17 miljoen euro út oare provinsjale budzjetten te heljen. Dêrby tinkt de partij oan potsjes foar ekonomy, rekreaasje en toerisme.

Ek soe der minder jild nei 'asfalt en beton' gean moatte, aldus steatelid Pytsje de Graaf fan de FNP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)