Net besunigje op Omrop Fryslân

26 jan 2012 - 18:42

Omrop Fryslân hoecht de kommende jierren net benaud te wêzen foar ekstra besunigings. Dat tinkt alteast direkteur Jan Koster.

Omrop Brabân wûn woansdei in rjochtsaak tsjin de provinsje Noard-Brabân. Dy woe hast 2 miljoen besunigje op it jild dat de omrop jierliks krijt. Mar neffens de rjochter mei dat hielendal net. Omrop Fryslân krijt jierliks dik 10 miljoen euro fan de provinsje. Der wiene noch seis oare regionale omroppen wêrby't in besuniging drige. .

Dy besunigings lykje troch de útspraak oer Omrop Brabân fan de baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)