Net autoleaze mar griene snein

27 maaie 2002 - 00:00

Tytsjerksteradiel organisearret yn juny in Griene Snein. Dat is de opfolger fan de autoleaze snein. Dêr wie net folle animo foar, benammen om't je mei it iepenbier ferfier net oeral komme kinne.

As alternatyf om de natuer en it miljeufreonlik ferfier ûnder de oandacht te bringen, is no de griene snein betocht, op 9 juny. Op it programma steane û.o. in fytstocht en in natoermerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)