Net alle hûnen tagelyk útlitte

20 aug 2008 - 17:06
  • Berner Sennenhûnen net tagelyk nei bûten

Lynn_Hargrave fan Surhuzum mei har acht Berner_Sennenhûnen net langer tagelyk rinne litte. Dat hat de Rie fan Steat beslist. Dy jout dêrmei gemeente Achtkarspelen gelyk.

Nei klachten út ´e buert sei de gemeente dat fiif hûnen tagelyk bûten rinne meie yn in kennel om oerlêst te beheinen. Neffens Hargrave is net goed te mjitten hoe grut de oerlêst wie. De Steatsrie fynt dat der genôch ûndersyk dien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)