Net alle boadskippen betelle

02 jul 2011 - 14:38

In frou (28) út Skearnegoutum is freedtejûn betrape op winkeldieverij. Se hie boadskippe yn in winkel oan it Normandiëplein yn Snits. It guod út har kuorke hie se ôfrekkene, mar se hie noch twa tassen by har.

It personiel fertroude de saak net en seach yn de tassen. It die bliken dat dy fol mei boadskippen sieten. De frou is oerbrocht nei it plysjeburo dêr't se in bekeuring krigen hat. De boadskippen binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)