Net advertearje mei Máxima

16 maaie 2008 - 11:38
  • Dizze advertinsje mei net

Skuonwinkel Kamsma yn Frjentsjer makket ynbreuk op it portretrjocht troch in advertinsje te pleatsen mei dêryn in foto fan prinses Máxima. De prinsesse hâldt in pear skuon beet, dy't se op keninginnedei yn Frjentsjer krige. Foto's fan leden fan it Keninklik Hûs meie net foar kommersjele doelen brûkt wurde.

De skuonwinkel wie him fan gjin kwea bewust. Omdat it ienmalige aksje is, folget der gjin sanksje tsjin Kamsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)