Nêststiennen pleatst yn Snits

11 okt 2010 - 19:52
  • De nêststiennen sa't dy yn Snits pleatst binne
  • foto's Omrop Fryslân

De fûgelwacht fan Snits hat tegearre mei wenningbouferiening De Wieren moandei in tal nêststiennen pleatst. De fûgelwacht konstatearre dat der hieltyd minder mosken en sweltsjes yn de stêd omfleane. Dat komt trochdat yn nijbouhuzen folle minder romtes binne dêr't fûgels nêsten yn meitsje kinne.

Om it de fûgels makliker te meitsjen binne no op tal fan plakken yn de stêd saneamde nêststiennen ynmitsele. Neist nêststiennen wurde der ek saneamde 'vogelvides' pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)