Nestlé yn Dútske hannen

05 feb 2005 - 16:27

It suvelfabryk fan Nestlé yn Boalsert komt yn Dútske hannen. Freed waard bekend dat der in yntinsjeferklearring ûndertekene is tusken de Dútse suvelkoöperaasje Hochwald en Nestlé oer de oername fan de Boalserter festiging.

It is noch net bekend oft de oername ek gefolgen hat foar de twahûndert wurknimmers yn Boalsert. De direksje hat it persoaniel freed op de hichte brocht fan de kommende oername.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)